Skriezen op it Wiel 2016

Yn Weidum op it buertkip It Wiel hawwe wy efter de hinnestâlen aardich wat skriezen sitten. Dit komt mei troch de fûgelleafde fan myn man Jarig Boersma, dy’t him mei tiid en ferstân bekroadet om allerhande fleugelde greidefreonen. Fanôf it gebak by de kofje as wy it earste ‘grrito-grriet’ heech yn de loft hearre oant de eufory as de earste piken rûnfleane ( of de depresje as de âlders pyk- en doelleas omfladderje) en oant úteinlik kloften  fourasjerende fûgels by ús yn de lânen omskarrelje.

IMG_3096 TREJOITO IMG_2755 TREJOITO IMG_2774 TREJOITO

Wy hawwe hjir in moaie hoeke fjild. De fûgels briede by Piet út en geane dan mear nei achteren, nei it lân fan Andréa, dy’t faak let meant. Wy hawwe sels in lyts hoekje grûn mei greppels, dêr’t  se ek graach komme. As it gers groeit by buorman Piet, dan wurdt alle muoite dien om yn de gaten te hâlden hokker fûgels der alle dagen bykomme, wêr’t se sitte  en dy nêsten op ‘e tiid te mankearen. Ek de folwoeksen soanen (betûfte aaisikers) wurde ynsetten om mar sa folle mooglik aaien te finen en stokjes te setten. De skiep wurde út it lân wei avenseard en de greppels komme fol wetter, in wiere plas/dras hoeke.
Op de bou hast it gewoane wurk, útsein dan dat Piet sleepslangjen gie en dat is wol wat in crime. Lokkich wisten we it op ‘e tiid en kamen syn frou en soanen ús meihelpen om wol sa’n 15 nêsten ( ljip, skries, strânljip, wylde ein) te beskermjen. Us dochter fan 13 holp ek mei, swier yn de make-up fansels, want ja.., dy stoere buorjonges.. Wy hien aaien en piken yn doaskes of yn’t omtearde t-shirt en elk lette op wêr’t syn nest wie, sadat se nei de tiid wer netsjes op itselde plak dellein waarden. It duorre oeren lang mar it slagge ús aardich allegearre. In kûltsje wâdsje mei de lears, dêr wat hea yn út in ammerke en dan fersichtich de aaien of pykjes deryn skakeare. En dan wegweze om wer rêst te bringen.

neisoarch 2 neisoarch 3 neisoarch 4 neisoarch 6

It gerslân wie in oar ferhaal, want der wurdt mei trije hakselsmasjines 9 meter breed meand en net alle nêsten binne yn’t lange gers te finen. Dan is it dreech om alles feilich te rêden. Mar de skriezen en tsjirken sieten moai bijelkander. It lân hat trije ekers en op twa ekers siet de hiele brot. Der stien sa’n soad stokjes, dat doe’t it oan it meanen ta wie Piet besletten hat dy twa ekers stean te litten. Sa hiene de fûgels tiid om út te brieden en sieten se net yn ’t sicht fan predatoaren. Geweldich goed gien! As wy troch it lân nei achteren rûn wie it in kabaal fan fûterjende heiten en memmen yn de loft en as wy op de trekker lâns ús plasdras rieden seagen we de pykjes ûnbehindere yn de greppeltsjes omdraven.

Geef een reactie